Holwert oan See op fiifde plak yn Duurzame 100 fan Trouw

09 okt 2020 - 20:10

Holwert oan See stiet op it fiifde plak yn de Duurzame 100 fan deiblêd Trouw. Yn ranglist stean de grienste inisjativen yn Nederlân. De tolvekoppige sjuery priizget it boargerprojekt Holwert oan See en neamt it in 'baanbrekend plan'.

Holwert oan See op fyfde plak yn Duurzame 100 fan Trouw

Neffens de sjuery is Holwert oan See in 'skoalfoarbyld fan in boargerprojekt'. "Inwoners van het Friese dorp Holwerd ontwikkelden een baanbrekend plan: de aanleg van een zeeverbinding, waardoor natuur en recreatie ontstaan. De jury waardeert hun project hoog, nu er schot zit in financiering en voorbereiding."

De projektgroep hat yntusken goed 45 miljoen euro binnen fan de 63 miljoen dy't úteinlik nedich binne. "Underhannelingen oer de rest fan it bedrach sjogge der goed út,' seit Jan Zijlstra, ien fan de inisjatyfnimmers fan it plan. Der is ek al 32 bunder lân oankocht. Zijlstra giet der fan út dat der ein 2022 of begjin 2023 mei de oanlis úteinset wurde kin.

"Wer grutsk op it doarp"

It doarp profitearret yntusken flink fan de publisiteit dy't Holwert oan See krijt. "In pear jier lyn stiene hjir noch 160 hûzen te keap. No noch mar trije. Minsken binne wer grutsk op harren doarp," fertelt Zijlstra. Theo Broersma wie goed fiif jier lyn de earste dy't it projekt echt sitten seach. Mar dochs is hy ek fernuvere oer it sukses oant no ta. "Dit hie ik ek net ferwachte."

Holwert oan See kaam ferline noch binnen op nûmer 13 fan de Duurzame 100. Dat it inisjatyf no de top fiif berikt hat, is omdat de realisaasje fan it projekt hieltyd tichterby komt. "Volgens planning is Holwerd uiterlijk in 2025 weer een bruisend kustdorp met maritieme sfeer, waar de Waddenzee tegen de terp klotst", skriuwt Trouw.

Inisjativen fan ûnderop

It deiblêd presintearre foarich jier de Duurzame 100, de ranglist fan grienste tinkers en doggers yn Nederlân. De list is dit jier oars as foargeande jierren: yn stee fan wittenskippers, politisy en minsken út it bedriuwslibben, bestiet de ranglist dit jier út inisjativen 'fan ûnderop'.

Nûmer ien dit jier is de Jonge Klimaatbeweging. It is foar it earst dat net ien persoan, mar in folsleine beweging op it earste plak stiet.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer en Jan Zijlstra fan Holwert oan See

Foto: Provinsje Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)