Coronanijs fan 9 oktober: Ofrûne 24 oeren 108 besmettings; ien persoan ferstoarn

09 okt 2020 - 22:58
  • Freed binne der 108 nije coronabesmettingen meld yn Fryslân; tongersdei wiene dat der 133;
  • Der lizze 22 corona-pasjinten yn de Fryske sikehuzen, wêrfan 6 op de IC;
  • Undersyk nei harsenskea troch coronafirus úteinset;
  • Autoriteit Persoonsgegevens ûndersiket datalek GGD-testline;
  • It kabinet ûndersiket de mooglikheid om mei de post te stimmen.
22:57
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit coronaliveblog fan freed 9 oktober. Sneon is der op ús webside en yn ús app in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus.

20:49
Aris wegeret wedstriid om coronafertinkingen: tsjinstanner wint 20-0

De basketbalwedstriid tusken Basketbal Academie Limburg en Aris Ljouwert giet sneontejûn net troch. De Ljouwerter ploech wol net spylje om't in tal spilers te krijen hat mei symptomen fan corona. De spilers binne test, mar de útslach sil net op tiid binnen wêze. Dêrtroch fielt de klup him twongen om ôf te sizzen.

Yn oerienstimming mei ôfspraken binnen de Dutch Basketball League wurdt de wedstriid net opnij fêststeld en giet de oerwinning mei 20-0 nei BAL út Weert.

20:39
CDA en ChristenUnie hawwe fragen oer busferfier

It CDA en de ChristenUnie meitsjen harren soargen oer it plan om minder bussen ride te litten yn Fryslân. De partijen binne bang dat de berikberens fan it plattelân minder wurdt en se freegje harren ôf hoe't foarkommen wurdt. Se wolle witte oft der alternative foarmen fan ferfier oan de oarder binne.

Dêrneist wolle se witte oft Arriva de tsjinstregeling inkeld oanpast op basis fan efterbliuwende reizgersopbringsten oft dat der ek oare eleminten meispylje.

17:00
Hast gjin online ûnderwiis by Campus Fryslân

De lessen foar studinten fan Campus Fryslân wurde hast allegear jûn yn it Beursgebou yn Ljouwert. Fysyk ûnderwiis yn klaslokalen dus. En net online, lyk as by de measte ynstellingen foar heger ûnderwiis. "Het is een geluk bij een ongeluk dat we nog maar weinig studenten hebben en wel een heel groot gebouw." It tal studinten dat binnen om stapt is hast nea boppe de hûndert.

De universiteit yn Fryslân groeit minder hurd as dat se in pear jier lyn betocht hiene, mar mei de útbraak fan it coronafirus is dat eins in goeie saak. Grutte ûnderwiisynstellingen wrakselje mei it oanbieden fan lessen yn harren gebouwen trochdat der tefolle minsken tagelyk yn in romte wêze moatte. It is dan faak net mooglik om de 1,5 meter ôfstân fan inoar te hâlden.

16:11
De GGD oer de lêste sifers

Corona update GGD

16:09
Rutte: noch te betiid om te sjen oft maatregels helpe

Premier Rutte hat freedtemiddei op de parsekonferinsje nei de ministerried reagearre op de hast 6.000 nije besmettingen en de stiging fan it tal sikehûsopnamen. "Het doel is dat de optelsom van het aantal contacten wordt verminderd door de genomen maatregelen", tekenet de NOS op. "Het is nog te vroeg om vast te stellen of deze maatregelen dat resultaat sorteren."

Rutte slút net út dat der ekstra maatregels nedich binne. "Als het de komende dagen niet verbetert, dan zullen we daar niet aan ontkomen. De komende 72 uur zijn belangrijk. We houden het in de gaten", sa seit Rutte.

15:14
Hiele reedrydteam Jumbo-Visma yn karantêne

It hiele reedrydteam fan Jumbo-Visma, fan ûnder mear Sven Kramer en Antoinette de Jong, giet foar minimaal 72 oeren yn karantêne. Alle teamleden binne yn it Dútske Traunstein test en dêr is ien 'twiveleftige' útslach útkommen. De testen sille werhelle wurde om dúdlikens te jaan.

Earder dize wike waard al bekend dat it reedrydteam foarearst net mear traine kin op de iisbaan yn Inzell fanwegen twa besmettingen by de Dútske nasjonale ploech. Dêrom binne se weromkeard nei Fryslân. Gjinien by Jumbo-Visma hat op it stuit klachten dy't by it coronafirus passe.

14:15
108 nije besmettingen, ien persoan ferstoarn

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren 108 ynwenners fan Fryslân posityf test op it coronafirus. Dêrneist binne der fjouwer nije sikehûsopnamen meld en is der ien persoan yn de gemeente Smellingerlân ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus.

Oantal coronabesmettings yn de ôfrûne 24 oeren de gemeente

Gemeente Oantal besmettings
Achtkarspelen 9
It Amelân 0
Dantumadiel 0
Eaststellingwerf 4
Flylân 1
De Fryske Marren 0
Harns 0
Hearrenfean 9
Ljouwert 32
Noardeast-Fryslân 3
Opsterlân 2
Skiermûntseach 0
Skylge 0
Smellingerlân 15
Súdwest-Fryslân 10
Tytsjerksteradiel 7
Waadhoeke 10
Weststellingwerf 0
Totaal: 108
12:55
Boargemaster Veenstra: wol 60 oant 90 persint fan de tiid mei corona dwaande

Neffens boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren hat yn syn weblog oanjûn dat er yntusken wol 60 oant 90 persint fan syn tiid mei it coronafirus dwaande is. "Iedere week het overleg van het Regionaal Beleidsteam, het gemeentelijke crisisoverleg en de landelijke klankbordgroep van de Vereniging Nederlandse Gemeenten. En voor al die overleggen moeten stukken worden gelezen en standpunten voorbereid."

Ek binne der tal fan praktyske saken. "Iedere versie van de Noodverordening roept weer nieuwe vragen op. Hoe gaan we om met de horeca, met de kantines van sportverenigingen, met concerten in ruimten die daarvoor nu niet meer mogen worden gebruikt en nog veel meer. En hoe handhaven we."

Veenstra tinkt dat it samar sa wêze kin dat der wer nije maatregels komme. "Als er niet binnen een paar dagen een verbetering optreedt dan zullen er volgende week denk ik weer extra maatregelen komen. Maatregelen die het maatschappelijk leven verder op slot zullen zetten."

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)