Reedrydploegen ferruilje Inzell foar It Hearrenfean

09 okt 2020 - 06:47

De reedriders fan de Nederlânske ploegen ferlitte earder as pland it trainingskamp yn Inzell en ferfolgje de oefensesjes ynkoarten op It Hearrenfean. Dat beslút is naam nei't yn it doarp yn it suden fan Dútslân trije reedriders fan oare ploegen posityf test binne op it coronafirus. De pleatslike reedrydbaan is dêrom foarearst sletten, foar hoe lang krekt is net dúdlik.

Foto: Omrop Fryslân

Twafâldich olympysk kampioen Kjeld Nuis fan team Reggeborgh is ien fan de atleten dy't posityf teste. It team fan trainer Gerard van Velde hat him nei it bekend wurden werom lutsen yn it hotel yn Inzell, folslein neffens jildende protokollen. Dêrnei binne se ek ôfreizge nei hûs om yn thúskarantêne te gean. Earder waard bekend dat twa Dútske reedriders besmet wiene.

In soad reedriders binne dêrom net mear yn Inzell. Der sieten trije Nederlânske ploegen yn Súd-Dútslân: Jumbo-Visma, team IKO en Reggeborgh. Alle trije binne se yntusken werom yn Fryslân. Neffens coach Martin ten Hove fan IKO is de kâns te grut dat der yn de Max Aicher Arena yn Inzell foar langere tiid net reedriden wurde kin.

Siep Hoekstra oer it trainingskamp

(Advertinsje)
(Advertinsje)