Gemeenteried Noardeast-Fryslân stimt unanym foar skoalhúsfestingsplan

09 okt 2020 - 06:29

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân hat tongersdeitejûn unanym ynstimd mei in gloednij skoalhúsfestingsplan yn de gemeente. Nei jierren oer de ynhâld sprutsen te hawwen, ek yn de âld-gemeente Dongeradiel, waard it riedsfoarstel unanym oannaam. It plan is yn gearwurking mei de skoalbestjoeren yn elkoar set en sil wêr't dat mooglik is, elts jier evaluearre wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

Foarige wike waard it agindapunt IHP (Integraal Huisvestings Plan) noch ferpleatst nei de riedsgearkomste fan dizze wike fanwegen tiidgebrek. Willem van der Bent fan it CDA wie tige wiis mei it plan, joech hy yn de earste termyn oan. Allinnich miste it CDA noch wat: de wearde fan it IHP wie neffens harren om it finansjele plaatsje fan yn elk gefal de oankommende fjouwer jier ynsichtlik te hawwen. Sy woene nei de earste termyn noch komme mei in amendemint, mar seagen dêr nei in koarte skorsing dochs fan ôf.

Aant Jelle Soepboer fan de FNP wie ek wiis mei it plan. "Gearwurking is it biedwurd, foar de skoallen dêr't dat kin, mar ek foar ús as gemeenteried." Skoallen ha neffens de partij 'commitment' nedich fan de gemeente. Derneist moatte kosten op bepaalde plakken redusearre wurde, troch bygelyks twa skoallen by elkoar te foegjen. Ek soene oerstallige gebouwen ôfstjitten wurde moatte.

"Dynamisch"

Kevin Merkus fan S!N wie ek tefreden mei it plan: "Het IHP is dynamisch en zeker niet in beton gegoten, maar beweegt mee in actuele situatie. Vooral voor ons als raad is het document handig en bruikbaar een mooie onderlegger voor het onderwijs."

Ek Lysbeth Vellinga fan de ChristenUnie koe har hiel goed fine yn it stik. "It wie in lange oanrin nei it plan ta, mar wy bin tige bliid mei it stik. Dit IHP sil de lange termyn foarmjaan moatte. Hjir sprekt ambysje út. De trochberekkening folget noch, mar wy moatte optimaal gebrûk meitsje fan de finansjele middelen dy't wy ta beskikking hawwe."

De Pionier

Anton van der Aar fan de VVD wie noch efkes kritysk op it puntsje De Pionier, dat dúdlik as losse paragraaf neamd wurden is yn it dokumint. De Pionier is in skoalle dy't tydlike húsfesting krigen hat yn de Dokkumer Trije Terpen. "Het college gaat er van uit dat 9 januari (doe wie de riedsgearkomste dy't ûnder oare oer De Pionier gie, red) de vrijbrief was voor daadwerkelijke en langetermijnhuisvesting van De Pionier in de Trije Terpen.

Barbara Wijbenga fan de Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân fûn it plan ek dúdlik. "Het is een goede inventarisatie van het verloop op scholen, met daarin meegenomen de krimp. Alleen is deze klus te klaren als de politiek, maar ook de schoolbesturen, constant in gesprek blijven. Dan behoud je de dynamiek."

'Jild net liedend'

Yn de twadde termyn woenen ek twa oare partijen noch wat sizze oer it plan. Johan Lammering fan Groen NOF joech oan dat jild net liedend wêze moast by it jaan fan lessen. Gryte Schaafstal fan de PvdA sleat har oan by VVD'er Van der Aar syn wurden. Nei de twadde termyn waard it plan yn stimming brocht. Dizze waard unanym oannaam.

Wethâlder Soarch en Wolwêzen yn de gemeente, Jouke Douwe de Vries, wie bliid dat it plan der unanym trochhinne kaam is en tanke de riedsleden foar alle stipe. Hy kaam ek noch efkes werom op De Pionier: "Wy komme mei in moai foarstel foar desimber, dan gean ik graach yn diskusje oer De Pionier yn Dokkum. Feroaring yn de wetjouwing makket it mooglik om De Pionier del te setten. Wolle jim dat ek, of net? Dêr ha wy it yn desimber oer."

Foarsitter en boargemaster Johannes Kramer sleat dêrnei de gearkomste.

Wethâlder Jouke Douwe de Vries yn petear mei ferslachjouwer Ben de Jager

(Advertinsje)
(Advertinsje)