Noppert ûnderút tsjin Anderson yn twadde ronde World Grand Prix

08 okt 2020 - 23:23

Danny Noppert is tongersdeitejûn útskeakele op de World Grand Prix yn Coventry. De Jouster darter ferlear mei 3-0 yn sets fan Gary Anderson.

Foto: Orange Pictures

Twafâldich wrâldkampioen Anderson pakte mei in finish fan 70 de earste leg. Ek de twadde gie nei de Skot, dy't dêrnei wer in finish fan 70 útsmiet en de set binnen helle.

Noppert kaam der ek yn de twadde set earst lang net oan. Pas doe't Anderson trije darts miste, koe de Jouster 76 útsmite. Noppert makke der 2-2 yn legs fan, mar miste twa pylken foar de set en seach Anderson fia dûbel tsien 2-0 meitsje.

Gjin set foar Noppert

Yn de tredde set wie it wer spannend. Noppert pakte de 1-0 foarsprong, mar syn tsjinstanner kaam sterk werom en wie sels ûnderweis nei in 9-darter. Op de achtste pylk gie it mis, mar Anderson kaam letter wol op 2-1 foar. Noppert pakte noch de 2-2, mar miste ien dart op tops wêrnei't Anderson de wedstriid ôfmakke.

De World Grand Prix is it iennige toernoai fan it jier dêr't de darters sawol mei in dûbel begjinne as einigje moatte. Gewoanwei wurdt it telefyzjetoernoai yn Dublin (Ierlân) hâlden. Om't der fanwegen de coronamaatregels gjin publyk yn de seal sitte mei, is it dartbûn útwykt nei it Ingelske Coventry.

(Advertinsje)
(Advertinsje)