Marit Bouwmeester dield earste nei earste dei EK

08 okt 2020 - 22:56

Sylster Marit Bouwmeester stiet nei de earste dei fan it Europeesk kampioenskip Laser Radial op in dield earste plak. Ek Mirthe Akkerman docht mei, sy stiet nei twa races fjirde.

Marit Bouwmeester op it WK yn Melbourne - Foto: Jon West Photography

Bouwmeester dielt it earste plak mei de Deenske Anne-Marie Rindom en de Noarske Line Flem Host. De sylster út Warten wie bliid mei de resultaten fan de earste dei fan it EK. "Vandaag dag één. Het is hier wel ok eigenlijk. We zijn natuurlijk superblij dat we weer kunnen racen en een EK hebben", sa seit Bouwmeester.

"Er staat hier vaak een aflandige wind, dat is niet echt makkelijk omdat de wind dan niet zo stabiel is in kracht en richting. Normaal zou je zeggen dat wordt een lange week, maar dit racecomité was lekker efficiënt. Twee goede resultaten om mee te beginnen, dus ik ben wel blij."

(Advertinsje)
(Advertinsje)