Hearrenfean ferliest oefenduel fan Heracles Almelo

08 okt 2020 - 19:58

Sportklup Hearrenfean hat tongersdei in oefenwedstriid tsjin Heracles Almelo ferlern. It waard 1-2. By de ploech fan Johnny Jansen dienen in soad spilers út de beloften mei.

Oefenduel SC Hearrenfean

Op in fanwege de waarsomstannichheden min te bespyljen fjild wie Heracles Almelo de boppelizzende partij. De gasten krigen in pear aardige mooglikheden, mar dochs bleau it oant it skoft 0-0. Yn de twadde helte kaam Heracles op foarsprong troch in moai doelpunt fan middenfjilder Teun Bijleveld.

Hearrenfean koe der hast neat tsjinoer sette. Dochs slagge it Nordin Tahboun út in pear lytse mooglikheden de lykmakker oan te tekenjen. Hy sette beide ploegen yn de 80e minút op likense hichte. Sinan Bakis soarge twa minuten foar tiid foar de winnende treffer.

Net yn de sterkste opstelling

SC Hearrenfean spile net mei de sterkste opstelling. Sa is sintrale ferdigener Pawel Bochniewicz mei de nasjonale ploech fan Poalen op 'en paad. Woansdei makke hy syn debút yn de oefenwedstriid tsjin Finlân. Poalen wûn dy wedstriid mei romme sifers (5-1).

Ek Sherel Floranus wie der net by, omdat hy oproppen is foar Jong Oranje. Ibrahim Dresevic spilet mei Kosovo tsjin Noard-Masedonië. En Joey Veerman hat in blessuere.

Minne omstannichheden

Op it fjild, dat op guon plakken sjippeglêd wie, wie goed kombinaasjefuotbal ûnmooglik. Folle wizer is Johnny Jansen dan ek net wurden fan dizze wedstriid.

Fanwegen de minne omstannichheden is der op it lêste momint noch tocht om op in keunstgers te fuotbaljen of om de wedstriid sels hielendal net trochgean te litten. Mar omdat Heracles al ûnderweis wie, wie dat gjin opsje. Wol is besletten de wedstriid net yn it Abe Lenstrastadion te spyljen, mar op de fjilden fan VV Hearrenfean.

Blessuere Jan Ras

In ôffaller wie it útfallen fan Jan Ras, de middenfjilder spile foar it earst nei in lange refalidaasje fanwege in krúsbânblessuere wer in wedstriid. Nei in ûngelokkige botsing mei ploechgenoat Fernandez, moast Ras nei in heal oere fan it fjild. Der waard even tocht oan wat slims, mar neffens Jansen foel it ta en is Ras út foarsoarch nei de kant helle.

Nygren net fit

By SC Hearrenfean ûntbruts Benjamin Nygren. It wie de bedoeling dat de 19-jierrige Sweedske oanfaller syn earste minuten meitsje soe foar Hearrenfean, mar Nygren hat him yn it foar ôfmeld. Hy is net fit. Dat jildt ek foar Ulysses Llanez. Jansen sei nei ôfrin mei klam dat it net om corona giet.

Opstelling SC Hearrenfean: Bekkema, Akujobi, Fernandez, Van Hecke, Ras, Kongolo, Dewaele, Hajal, Van Bergen, Smit en Nunumete.

(Advertinsje)
(Advertinsje)