Slopershammer makket definityf ein oan suvelfabryk Aldegea

Der is al tsientallen jierren oer praat, mar tongersdei set de sloop fan it âlde suvelfabryk yn Aldegea (Sm.) lang om let útein. It heart by de plannen om fan Aldegea in doarpsplein oan it wetter te meitsjen.
Sloophammer makket definityf ein oan suvelfabryk Aldegea
It suterige waar fan tongersdei past goed by de tastân fan it âld suvelfabryk. Op hast alle muorren is mei grutte halen grafitty te sjen, en der sit hast gjin rút mear yn de kezinen. Meindert de Boer fan doarpsbelang sjocht mei dûbele gefoelens nei de start fan de sloop fan it ikoanyske gebou: "It is blydskip mei droevenis", sa leit er út. "It is spitich dat it fabryk fuort moat, mar it kin net oars. We binne lykwols bliid dat der no echt wat bart."
Der is eartiids wol sjoen nei mooglikheden om it fabryk te ferbouwen, en om it âlde gebou op te knappen. Mar ien blik op it hjoeddeistige gebou is al genôch om te sjen dat dit in hiele djoere put wêze soe. "It hat fierstente lang leech stien, om der noch wat fan te meitsjen." En dus giet de sloophammer deryn.
It suvelfabryk © Omrop Fryslân, Dirk Baron
Mei in grutte giele kraan wurdt om tsien oere úteinset mei de sloop. It moat de oanset wêze foar in grutte opknapbeurt fan it folsleine havengebiet. Op in lytse 50 meter fan it grutte fabryk stiet noch in âlde dongloads. Dêr wurdt al wurke oan fernijingen. Dat gebou kin wol stean bliuwe, en moat aanst plak jaan oan apparteminten.
Janneke Geerlings Lindeboom fan doarpsbelang ferwachtet dat der yn de takomst in run wêze sil op de apparteminten, sawol yn de âlde dongloads as op it plak fan it âld fabryk: "It is in prachtich plak oan de haven, en it wurdt in moai kompleks." Der sil dêrnjonken noch sjoen wurde oft der miskien noch winkels of hoareka yn it gebiet komme kinne, om de leefberens fierder te ferbetterjen.
Dat is no noch takomstmuzyk, earst moat der noch in definityf beslút naam wurde oer it masterplan foar it havengebiet. De sloop is úteinset, dus feroaring komt der. De ein fan in stikje Aldegeaster skiednis, en it begjin fan in stikje Aldegeaster takomst.