Rabobank slút fjouwer kantoaren yn Noardeast-Fryslân definityf

08 okt 2020 - 17:22

De kantoaren fan de Rabobank yn De Westereen, Ferwert, Kollum en Drachten-sintrum gean definityf ticht. De festigingen wiene al sletten sûnt it begjin fan de coronakrisis. Se gean no hielendal net mear iepen.

Rabobank yn Kollum - Foto: Google Street View

Der kamen al hieltyd minder klanten, omdat de measte minsken de banksaken sels regelje op ynternet. De kantoaren hiene op termyn al slute sild. Troch de coronakrisis barde dat earder as pland.

Wa't gjin beskikking hat oer in kompjûter kin in berop dwaan op mobile adviseurs. Dy komme - coronaproof - by minsken thús om te helpen mei it regeljen fan deistige banksaken as dat nedich is.

De kantoaren yn Drachten-Lavendelheide, Dokkum, Surhústerfean, Burgum en Damwâld en op It Amelân bliuwe iepen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)