Fjouwer ton foar Waddenkust K(l)eigoed út Erfgoed Deal

08 okt 2020 - 17:06

Der komt 450.000 euro beskikber út de Erfgoed Deal foar it projekt Waddenkust K(l)eigoed. Yn dat projekt wurdt erfgoed ynset foar it yn goede banen lieden fan de effekten fan krimp yn de gemeenten Noardeast-Fryslân en Waadhoeke. Fjouwer oant seis leechsteande karakteristike gebouwen wurde ferboud ta heechweardige oernachtingsakkommodaasjes.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

De gebouwen bliuwe sa beholden en se leverje in bydrage oan de toeristysk-ekonomyske ûntwikkeling fan it gebiet. Dizze bydrage bestiet út 'tûke groei', wêrby't ynset wurdt op kultuertoerisme dat bydraacht oan leefberens, omjouwingskwaliteit en seizoensferlinging.

"Ik bin tige wiis mei dizze finansjele stipe", seit erfgoeddeputearre Klaas Fokkinga. "De útfiering fan dit projekt komt sa in stap tichterby. Sa kinne wy mei-inoar oan 'e slach mei krimp, rekreaasje en erfgoed. In boppeslach!"

Waddenkust K(l)eigoed

De finansjele bydrage út de Erfgoed Deal wei makket it mooglik om op koarte termyn mei de útfiering fan dat projekt te begjinnen. Inisjatyfnimmer Provinsje Fryslân en de gearwurkjende gemeenten Noardeast-Fryslân en Waadhoeke kieze dêrby foar in oanpak fan ûnderop.

De kommende moannen skriuwe sy acht doarpen oan mei it fersyk om in plan yn te tsjinjen. In ûnôfhinklike sjuery kiest dêrnei hokker fjouwer oant seis plannen subsydzje krije en útfierd wurde kinne. De oanpak krijt in plak yn it programma fan de Landschapstriënnale 2023 dy't by de Waadkust del holden wurde sil.

Mei de provinsjale en gemeentlike bydragen is der yn totaal foar Waddenkust K(l)eigoed 950.000 euro beskikber.

Erfgoed Deal

Waddenkust K(l)eigoed is ien fan de seis projekten dy't yn dizze twadde omgong fan de Erfgoed Deal yn oanmerking komme foar in finansjele bydrage. Yn totaal wienen der sechstjin oanfragen.

De Erfgoed Deal is op 21 febrewaris 2019 ûndertekene troch oerheden en maatskiplike organisaasjes. Út de Erfgoed Deal wei wurde projekten stipe wêryn't erfgoed in bydrage leveret oan de grutte romtlike opjeften.

(Advertinsje)
(Advertinsje)