Echte natuer yn Keramiekmuseum Princessehof yn Ljouwert

08 okt 2020 - 16:52

Strangere maatregels of net, yn it Keramiekmuseum Princessehof yn Ljouwert is fan no sneon ôf in bysûndere, nije tentoanstelling te sjen. Wol wurdt besikers frege om in mûlkape op te dwaan. It giet om de tentoanstelling 'Human after all' oer de essinsje fan de minske. Hiel tapaslik yn dizze coronakrisis, no't we elkoar net oanreitsje meie, wylst dat sa by it minskewêzen past.

Klapstik fan de tentoanstelling is it wurk fan Klara Kristalova út Sweden. Yn it museum binne trije heuvels mei echt grien makke. Hjiryn binne allegearre minske- en bisteftige figueren fan keramyk te sjen. "Je maakt een wandeling door haar sprookjeswereld", fertelt Tanya Rumpff, konservator fan de tentoanstelling.

Der is wurk te sjen fan keunstners út de hiele wrâld. Se koene net nei Ljouwert komme om harren diel fan de eksposysje yn te rjochtsjen lykas gebrûklik is. It moast mei it jaan fan oanwizings op ôfstân.

Twongen ôfstân

De tentoanstelling is foar de coronakrisis betocht, mar dochs past it hiel goed by dizze tiid. In goed foarbyld is it wurk fan William Cobbing. "Het is een video waarin twee mensen met hoofden met klei erop te zien zijn. Ze zitten met een lange slurf van klei aan elkaar vast, maar kunnen elkaar niet aanraken", leit Rumpff út. It is te ferlykjen mei de twongen ôfstân dy't eltsenien no ek hâlde moat.

Harkje nei de reportaazje

It keramykmuseum yn Ljouwert is al in skofke dwaande om mear besikers te krijen. "Het is het enige rijksmuseum van het noorden met een wereldcollectie, maar onbekend maakt soms ombemind", tinkt direkteur Kris Callens.

Der wurdt hurd wurke om dêr feroaring yn te bringen troch ûnder oare de drompel foar besikers te ferleegjen. "Dat doen we bijvoorbeeld door de Escher-experience in de kelder, de waterspeelplek in de tuin en door een tentoonstelling als deze. Het is grote hedendaagse kunst, maar een feest voor bezoekers uit alle categorieën om heen te gaan."

Ferdûbeling tal besikers

De besikerstallen binne de lêste jierren ferdûbele. It giet no - hiel logysk, fanwege de corona - minder goed. Dochs docht it museum der alles oan om safolle mooglik minsken op in feilige wize nei it museum te krijen.

"Wij zijn een doorstroomlocatie, dus hoeven ons niet aan het maximum van 30 mensen te houden en we hebben ook de ruimte. We vragen mensen om te reserveren en een mondkapje te dragen zodat men op een veilige manier naar het museum kan. Om zo even uit de corona-ellende te stappen en te genieten van het leven."

(advertinsje)
(advertinsje)