GGZ hat eigen teststrjitte yn Ljouwert: selde dei noch útslach

08 okt 2020 - 16:49

Deselde dei noch de útslach fan dyn coronatest? It liket hast ûnmooglik. Mar by de eigen teststrjitte fan GGZ yn Fryslân slagget dat. Neffens de organisaasje is it testen fan de meiwurkers in grut sukses en smyt it foaral in soad profyt op foar de bedriuwskontinuïteit.

Neist it Jelgershûs fan GGZ yn Ljouwert stiet in wite tinte tsjin it gebou oan. Yn de muorre fan it gebou sit in rút dêr't in stoel foar stiet. Dêr kin dyjinge dy't de test ûndergean moat sitte. Oan de oare kant fan it rút stiet ferpleechkundige Fokelien Bouma. "De minsken komme hjir, ik fertel efkes wat der barre sil, nim de test ôf en dan moatte se de test sels nei it laboratoarium fan Izore bringe," fertelt Bouma. "It giet allegearre hiel hurd."

Sûnt 7 septimber kinne meiwurkers en kliïnten dy't op in groep wenje, harren teste litte by de ynstânsje. Sawol de meiwurkers as de wurkjouwer binne bliid dat dat no kin, want it personiel sit folle minder lang thús en krijt deselde dei noch útslach. Fan de 1700 meiwurkers binne no goed 250 meiwurkers test.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Ien fan de meiwurkers dy't test wurde wol, is Wendy Mulder. Sy hat tongersdeimoarn har manager belle en kin fuortendaliks terjochte. "Dit is super, binnen tien minuten kon ik terecht en ik kan vanavond om negen uur bellen voor de uitslag," fertelt Mulder.

De eigen teststrjitte wie bot nedich, fertelt algemien manager by GGZ Iteke Kramer. "We merkten dat veel personeel thuis zat, omdat er een lange tijd tussen het maken van de afspraak, de test en de uitslag zat. Dit is veel beter voor de continuïteit van het bedrijf."

Iteke Kramer - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

GGZ test as iennige soarchynstelling yn Fryslân net allinnich meiwurkers, mar ek kliïnten. Dat giet wol wat oars. "We komme op de wengroep, dus we binne echt by de minsken thús", fertelt Bouma. "Dat fyn ik wol hiel moai dat we dat ek dogge." "De cliënten kunnen ook niet altijd makkelijk naar een locatie komen omdat ze afhankelijk zijn van vervoer", seit Kramer. "En we willen zowel onze medewerkers als cliënten beschermen".

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek sjocht by de teststrjitte fan GGZ

(Advertinsje)
(Advertinsje)