Carola Schouten: 'Ryk en regio moatte gearwurkje om ta oplossings te kommen yn lânboubelied'

08 okt 2020 - 16:44

Lânbouminister Carola Schouten wiisde yn har Rede fan Fryslân op it belang fan gearwurking tusken it Ryk en de regio yn it lânboubelied. Polityk en boarger moatte nei inoar harkjen bliuwe en lokaal oplossings sykje foar de druk dêr't de lânbou ûnder stiet. "Mensen weten lokaal het beste hoe ze verder moeten komen", seit Schouten. De relaasje ta de natuer moat dêrby beslist net út it each ferlern wurde.

Carola Schouten Rede fan Fryslan

Neffens Schouten binne der grutte ûntwikkelings geande. Klimaatferoaring is bot fan ynfloed op ús hjoeddeistige lânboubelied. Op datselde momint feroaret de dynamyk tusken de polityk en de boarger. It is neffens Schouten dêrom wichtich dat dy twa elkoar net út it each ferlieze.

Gearwurking

De skaalfergrutting fan de ôfrûne desennia hat de natuer en it libben op it plattelân ûnder druk setten. Ut persoanlike ferhalen fan boeren hat Schouten opmakke dat boeren hieltyd faker it gefoel hawwe klem te sitten.

Der moat mear omtinken komme foar romte en dêr moatte it Ryk en de regio yn gearwurkje om dat goed yn byld te krijen. "Overzicht en close-up tegelijk", seit Schouten. De ynbring fan boeren is dêryn wichtich. Dêrneist moatte de oplossings lokaal socht wurde en moat der romte wêze om te eksperimintearjen.

Regio Deals

Schouten beneamt dêryn ek it belang fan Regio Deals, ynvestearrings yn plannen dêr't de regio sels mei komt. "Fryslân heeft heel andere uitdagingen dan bijvoorbeeld Limburg. De tijd is voorbij van 'one size fits all'."

It Ryk moat lokale mienskippen inisjativen tafertrouwe, fynt Schouten. Se neamt dêrby as foarbyld Holwert oan See. Schouten sprekt har wurdearring út foar de gearwurkings dy't der yn Fryslân ûntstien binne yn bygelyks wetterhúshâlding, natuer, lânbou, rekreaasje en bewenning. "Ik kijk ook met veel interesse naar de Friese veenweidevisie die volgende maand verschijnt."

Boeren ûnderdiel fan oplossing

Boeren moatte net langer sjoen wurde as it probleem, mar ûnderdiel wurde fan de oplossing, sa seit Schouten. Se soene fergoedings krije kinne foar in oare manier fan wurkjen of foar natuerbehear.

Schouten sjocht de kommende jierren in foarbyldrol foar Fryslân foar de rest fan it lân. "U kunt als geen ander de kracht van de regio mobiliseren, door initiatieven van onderop aan te pakken en mensen samen te brengen. Ik vraag u dan ook om bij het Rijk aan te blijven kloppen. Om te vertellen wat u nodig hebt, en wat u belemmert."

De Rede fan Fryslân fan Carola Schouten wurdt tongersdeitejûn om 20.15 en 23.15 oere werhelle op Omrop Fryslân-telefyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)