Sander Arends yn kwartfinale ûnderút yn Parma

Yn it Italiaanske Parma is tennisser Sander Arends der tongersdei net yn slagge de heale finale te berikken fan it pleatslike challengertoernoai. Yn de kwartfinale gie Arends, tegearre mei syn Amsterdamske maat David Pel, mei 4-6 en 2-6 ûnderút tsjin Marcelo Arevalo út El Salvador en Tomislav Brkic út Bosnië.
Sander Arends en David Pel © Frans Arends
Yn de earste set kamen de Nederlanners mei 4-1 foar, mar se koene dy foarsprong net fêsthâlde. Yn de twadde set moast Pel syn earste opslachgame ynleverje. Doe't ek Arends dêrnei syn servicegame net winne koe, wie de efterstân te grut om noch werom te kommen.
Yn de earste ronde hiene Arends en Pel noch ôfrekkene mei it duo Erlich/Gonzalez. Tsjin de Israëliër en de Meksikaan waard it 6-4 6-4. Parma wie foar Arends en Pel it earste toernoai dat se spylje nei't se der net yn slaggen it haadtoernoai fan it Grand Slam toernoai fan Roland Garros te berikken.