Wedstriid Harkemase Boys foar tredde kear op rige skrast om corona

08 okt 2020 - 15:14

De kompetysjewedstriid fan Harkemase Boys giet kommende saterdei net troch. De Harkiten soene thús spylje tsjin Sparta Nijkerk, mar by de tsjinstanners binne ferskate spilers dy't posityf test binne op it coronafirus.

Foto: Orange Pictures

It is al de tredde kompetysjewedstriid op rige fan Harkemase Boys dy't net trochgiet. Twa wiken lyn wiene der by tsjinstanner ODIN'59 spilers mei it coronafirus en ferline wike wie in spiler fan Harkemase Boys besmet.

Nei de sechsde spylronde fan takom wykein stiet Harkemase Boys dan noch altyd op trije wedstriden. De Harkiten ha sân punten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)