HEA! Op jacht nei de skat

08 okt 2020 - 14:55

Al as lyts jonkje hope Jelle Wietse de Haan fan De Westereen ea in skat te finen. Doe't er op syn achtste in metaaldetektor op 'e jierdei krige, begûn er te sykjen. Yntusken is Jelle Wietse 16 jier en syn mancave achter it hûs leit fol mei moaie boaiemfynsten. Hy fynt it it moaiste as er de achtergrûn en skiednis fan syn fynsten achterhelje kin. Syn grutstke skat oant no ta: in Romeinske balteus fan 2000 jier lyn.

HEA! Metaaldetektorjonge

(Advertinsje)
(Advertinsje)