Fiif jier sel easke tsjin Drachtster dy't agint delstuts

It Iepenbier Ministearje hat in selstraf fan fiif jier easke tsjin in 53-jierrige man fan Drachten dy't op 1 maart yn syn wente in agint delstuts. De man woe himsels tekoart dwaan en seit dat hy agressyf waard doe't de plysje pepperspray yn syn eagen spuite.
© De Vries Media
Twa aginten wiene om 21.00 oere hinne ôfkaam op in melding fan húslik geweld. De man soe syn partner treaun en skopt hawwe. De aginten troffen de man lizzend op de bank oan. Hy hold in bûsmes tsjin syn hals.
De agint dy't stutsen is, ferklearret dat hy de selsmoard foarkomme woe troch de man te pepperjen. De man kaam dêrop oerein en gie as in "agressief dier" tekear, sa stelt de agint. De agint flechte en waard yn de keuken rekke. It mes trof him yn 'e rêch, by it skouder.

Skeafergoeding

Besykjen ta deaslach fynt it Iepenbier Ministearje. "De agent moest vechten voor zijn leven en kon geen kant op", seit de offisier fan justysje. De agint wol in skeafergoeding fan 3.500 euro.
De man fleach dêrnei op de oare agint ôf. Dêrby soe hy it mes en in hakbile beet hân hawwe. De agint skeat syn belager yn de gong fan de wente yn syn rjochterskonk. Neffens it Iepenbier Ministearje is yn dit gefal sprake fan bedriging.
De rjochtbank yn Ljouwert docht op 22 oktober útspraak.