Ried fan de Fryske Beweging jout 'plom' foar brûken Frysk

08 okt 2020 - 13:45

Jangerben Mulder fan Nijhoarne hat fan de Ried fan de Fryske Beweging in saneamde 'plombrief' krigen. Dy stjoert de beweging regelmjittich nei persoanen of ynstânsjes dy't it Frysk brûke.

Foto: Omrop Fryslân

Mulder hat grutte belangstelling foar histoaryske streekferhalen. Dy ferhalen, dy't ornaris yn de gemeente It Hearrenfean en omkriten spylje, fertelt er neffens de Ried fan de Fryske Beweging op eigen wize nei. Hy docht dat yn it Frysk.

It slagge Mulder om dy histoaryske ferhalen yn it Frysk yn GrootHeerenveen opnommen te krijen. Dyselde krante hat yn augustus 17 fan dy ferhalen bondele yn NUVERAARDIGE FERHALEN út de gemeente It Hearrenfean.

"It mei allegear wol wat Frysker"

Dy wurkwize is in foarbyld fan it hâlden en dragen fan Mulder. It mei om him allegearre wol wat Frysker. Syn ynstjoerde brief oan de streekkrante(n) RondOm is dêr in oar foarbyld fan. Dy brief hat makke dat de redaksje fan dy kranten besleat ta it opnimmen fan Fryske sitaten en in kollum yn it Frysk.

"De Ried is fan betinken dat sa'n stille bodder yn de Fryske striid wol wat omtinken ha mei. Dat is de reden dat besletten waard om in plombrief te skriuwen", skriuwt de Ried fan de Fryske Beweging.

(Advertinsje)
(Advertinsje)