Alden mei middelbere skoalkoepels om tafel oer mûlkapkebelied: "Goed petear hân"

In petear tusken Fryske skoalkoepels en âlders dy't kritysk binne op it mûlkapke-belied op middelbere skoallen, hat foar beide partijen fertuten dien. Woansdei kamen de skoalkoepels OVO, CVO en Nordwin mei in oantal âlden by elkoar om't dy fine dat it mûlkapke-advys by in soad skoalbern fielt as in plicht. "Der moat romte wêze foar alle mieningen op ús skoallen", seit Wiebe Wieling, de foarsitter fan OVO.
© Shutterstock
De krityske âlders stjoerden moandei in brief nei ferskate middelbere skoallen, wêrnei't se troch de skoalkoepels útnûge binne foar in petear. Sa wiene der by de âlden lûden binnen kaam fan dosinten dy't learlingen út de klasse hellen om te freegjen wêrom't se gjin mûlkapke op hiene. Neffens Elbrecht Claus, ien fan de skriuwers fan de brief, giet dat te fier. It dragen fan de mûlkapkes is ommers in advys.

"Gjin twingend advys"

Wieling lit witte dat dat yndie net kin: "Wy sille nochris mei alle skoallen kommunisearje dat it in driuwend advys is, gjin twingend advys." Wol foeget hy dêr oan ta: "Oan de oare kant hawwe je noch folle mear âlden dy't it leafst sjogge dat de mûlkapkes ferplicht wurde. We hawwe te krijen mei hast 12.000 âlden, dan kinne je it net foar elkenien goed dwaan."
De âlders begjinne moandei mei in meldpunt, dêr't elkenien klachten oer it mûlkapkebelied trochjaan kin.