Grutste part CNV-leden wol ferplicht mûlkapke op it wurk

08 okt 2020 - 13:03

Minsken dy't oan it wurk binne, moatte ferplichte in mûlkapke foar ha. Dat fine in soad minsken dy't meidien ha oan in enkête fan it fakbûn CNV. In mûlkapke is net ferplichte, mar wurdt wol driuwend advisearre. En dy situaasje soarget foar ûndúdlikheid en argewaasje, fine minsken.

Foto: Shutterstock

By de kar tusken in ferplichting en in driuwend advys pleitet 64 persint fan de 1.250 ûnderfregen foar it earste. Dêrboppe-op fine hast seis op de tsien CNV-leden de regels fan no ûndúdlik. Ien tredde fan de ûnderfregen fynt dat in mûlkapke op de wurkflier sawiesa ferplicht wurde moat.

"Ik tink dat dat ferstannich is", seit CNV-foarsitter Piet Fortuin fan Drachten. "Kinst minsken it wol oanriede, mar dan is it bot ôfhinklik fan hoe't minsken dêrmei omgean."

Gefoel fan ûnfeiligens

Neffens CNV binne de sifers glêshelder en is it saak dat it kabinet dúdlikens ferskaft. Benammen om't in fjirdepart fan de ûnderfregen him net feilich fielt op de wurkflier foar coronabesmettings. In treddepart fan de ûnderfregen stelt dat op it wurk de coronaregels net goed neilibbe wurde.

"Benammen yn beroppen dêr't de oardel meter ôfstân amper helber is, soe eltsenien in mûlkapke dragen moatte", seit CNV-foarsitter Piet Fortuin. It giet dan om winkels, hoareka en yn de produksje. De ferplichting soe sawol foar klanten, omstanners as foar wurkjenden sels jilde moatte.

"Yn Fryslân sjochst dat no noch folle minder as yn it westen fan it lân. As ik dêr yn in winkel kom, hat hast elkenien wol in mûlkapke op", seit Fortuin. "Yn it foarjier is Fryslân der goed foarwei kaam kwa besmettings, mar ik tink dat it no goed is om mûlkapke te ferplichtsjen."

Wurkjouwers laks

Ek jouwe in soad ûnderfregen oan dat minsken mei klachten lykas ferkâldens gewoan nei it wurk ta komme. Hast in fyfde fan de ûnderfregen soe dit ûnderfine op it wurk. Dêrby falt ek op dat wurkjouwers hieltyd lakser omgean mei coronaregels. Ek wurdt in part fan de ûnderfregen (16 persint) dy't thús wurkje kinne, frege om dochs nei kantoar te kommen. Fortuin: "Dat is ûnferantwurde."

CNV warskôget dat it wurkplak dêrmei in broeinêst foar coronabesmettings wurdt. It bûn fynt ek dat der tempo makke wurde moat mei rappe tests, sadat eltsenien mei klachten gau wit wêr't hy of sy oan ta is. It bûn hat tongersdeitemiddei in petear mei it kabinet oer de situaasje. Fortuin: "It rap beskikber wêzen fan grutte oantallen 'sneltests' sil ús echt helpe."

CNV-foarsitter Piet Fortuin

(Advertinsje)
(Advertinsje)