Arriva set minder bussen yn; minder reizgers troch corona

Arriva skrast mei yngong fan 13 desimber in tal busritten. Om't der as gefolch fan it coronafirus folle minder reizgers binne, ferfalt in tal bustsjinsten.
It busstasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Neffens Arriva is it oantal reizgers yn Fryslân yn ferliking mei 2019 mei 40 persint ôfnaam. Minsken wurkje mear thús en mije drokte. Sa reizgje minsken ûnder oare minder yn 'e spits. De provinsje hat dêrom besletten de tsjinstregeling 2021 fan 13 desimber 2020 ôf oan te passen.
"Wy dogge der dêrby alles oan om foar Fryslân goed iepenbier ferfier yn stân te hâlden, ek no't wy it oanbod wat bystelle moatte. Mei it each op de grutte fermindering fan it tal reizgers kin dat no net oars", seit deputearre Avine Fokkens-Kelder. "It soe foar it miljeu net goed wêze om in soad lege bussen ride te litten."

Trein as alternatyf

Yn oerlis skrast Arriva busritten op trajekten dêr't de trein in alternatyf is. Dit bart allinnich op tiden dat der sawol in hast lege trein as bus op itselde trajekt rydt. Dêrneist wurde buslinen op guon trajekten ynkoarte. Dat betsjut dat bussen by guon doarpen net mear oant yn it doarp ride, mar by in besteande halte oan de râne fan it doarp stil hâlde.

Minder bussen yn 'e oere

Ek wurde de stedslinen yn Ljouwert oanpast. Sa ferfalt line 9 fan en nei de binnenstêd. As lêste wurde de frekwinsjes op guon tiden oanpast. Troch it legere tal reizgers is it riden mei minder bussen yn 'e oere ferantwurde.
Mei-inoar soargje dizze maatregels derfoar dat Arriva 3 persint minder iepenbier ferfier oanbiedt. Neist dizze maatregels set Arriva op inkele linen en ritten dy't drok beset binne ekstra bussen yn.