Pieter Weening: "It docht sear om sa de Giro te ferlitten"

08 okt 2020 - 11:55

"Mei alle motivaasje dy't ik hie foar dizze Giro docht it hiel sear om sa de Giro d'Italia ferlitte te moatten." Dat seit hurdfytser Pieter Weening. De Harkyt foel tiisdei yn de fjirde etappe en stapte woansdei ôf, nei't er dûzelich waard.

Foto: Trek-Segafredo

"Spitigernôch koe ik net trochgean", seit de Harkyt op de webside fan syn ploech Trek-Segafredo. "Tiisdei fielde ik my noch goed nei de etappe. Mar doe't ik woansdei myn earste kilometers fytste, begûn ik my dûzelich te fielen. Nei petearen mei de racedokter is my ferteld om dermei op te hâlden."

Yn sokke gefallen meist gjin risiko nimme, seit teamdokter Emilio Magni. Weening: "Ik gean no nei hûs ta mei in ferfelend gefoel, mar ik wit gelokkich wol dat it gjin negative gefolgen hat."

Nibali: in hurde klap

Weening hie as opdracht yn Italië om kopman Vincenzo Nibali oan de einwinst te helpen. Nibali neamt Weening syn opjefte 'in hurde klap'.

It is de sechstjinde kear dat Pieter Weening oan in grutte ronde begjint en de twadde kear dat er opjaan moat. De earste kear wie yn 2014, ek yn de Giro d'Italia.

(Advertinsje)
(Advertinsje)