Auto fljocht oer de kop op Dokkumerwei

08 okt 2020 - 11:33

Op de Dokkumerwei tusken Dokkum en Wetsens is tongersdeitemoarn in automobilist troch ûnbekende oarsaak fan de dyk rekke en dêrnei oer de kop slein.

Foto: De Vries Media

De bestjoerder ried de berm yn. Doe't er dat besocht te korrizjearjen, waard er lansearre en sloech er mei syn auto oer de kop. Uteinlik kaam de wein op it fytspaad neist de dyk op de kop ta stilstân.

De man is troch ambulânsepersoniel neisjoen, mar wie net sa slim ferwûne dat er ôffierd wurde moast nei it sikehûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)