Earste resultaten ûndersyk nei sâneroazje ûnder Waadseedyk posityf

It tijsân foar de seediken is better bestân tsjin it ûntstean fan lekken ûnder de dyk as it riviersân foar de rivierdiken. Dat binne de earste resultaten fan it ûndersyk nei sâneroazje ûnder de dyk oan de Fryske Waadseekust. De positive resultaten sille grutte gefolgen hawwe foar de kosten fan dykfersterking.
De iepening fan it ûndersyk op 10 septimber © Daniël Hartog, Wetterskip Fryslân
It projekt fan Wetterskip Fryslân begûn yn septimber by de Fiifhústerdyk by Hallum. De proef wie ûnderdiel fan it lanlike Hoogwaterbeschermingsprogramma, in programma dat de kommende tritich jier goed 1300 kilometer diken yn Nederlân fersterket, en ûndersocht it faalmeganisme 'piping'. By piping streamt wetter mei sândieltsjes yn tunneltsjes ûnder de dyk troch. Dat komt troch it ferskil yn wetterstân oan beide kanten fan de dyk. As it ferskynsel langere tiid bart, ferswakket de dyk.
By it ûndersyk is yn de sânlaach stapke by stapke in ferhege wetterdruk kreëarre, en by eltse stap is it effekt op de sânlaach byholden. De earste resultaten binne posityf: it faalmeganisme piping is net ûntstien. Dat betsjut dat by it sân oan de Waadseedyk op syn minst twa kear minder rap it faalmeganisme piping ûnstiet as by riviersân. Takom jier start in gruttere praktykproef yn Seelân.
It ûndersyk is diel fan in gearwurking fan it Ryk en de wetterskippen om Nederlân te beskermjen tsjin oerstreamingen. De resultaten fan de proef oan de Waadseedyk binne direkt fan tapassing op it dykfersterkingsprojekt Koehool-Lauwersmeer.
Animaasje fan Wetterskip Fryslân oer it prinsipe 'faalmechanisme piping':