Kommissaris Arno Brok tsjin minister Schouten: "Jou de jonge boer de romte"

Minister Carola Schouten fan Lânbou moat perspektyf jaan oan de boeren yn ús provinsje. Dat seit kommissaris fan de Kening Arno Brok. Schouten sprekt tongersdeitemiddei de Rede fan Fryslân út. Se is hielendal frij yn wat se seit, mar Brok wol graach dat se it oer de takomst fan de lânbou hat.
Kij yn de greide by de Ouwster-Trijegeaën © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Alle jierren freget de provinsje Fryslân in promininte sprekker út dy't Fryslân in spegel foarhâldt mei it each op de takomst. Dat is dit jier dus minister Schouten. "We binne hjir yn Fryslân grutsk op ús lânbou en grutsk op ús boeren", seit Brok. "We wolle ek graach in lânbouprovinsje bliuwe. Hoe sjocht de minister dat foar har?"

Jou romte

Der is al lange tiid in soad te dwaan om de ûntwikkelingen yn de agraryske wrâld, wit Brok. "De boer hat in soad ûnwissichheden, der is in soad argewaasje. Mar de provinsje hat sein: we kinne ús net yntinke dat der gjin takomst is foar de boer. We wolle wol mear natuerynklusive en duorsume lânbou. Dus jou de boer, en al hielendal de jonge boer, de romte."
Foar it earst wurdt de Rede fan Fryslân online holden. Schouten stiet yn Den Haag en tritich oaren sitte yn Ljouwert yn it WTC om de taspraak te folgjen. "It is wol spitich", seit Brok. "Dat fynt de minister sels ek, mar de maatregels binne wat stranger wurden."
It is tongersdei de achtste edysje fan de Rede fan Fryslân. Schouten is de twadde kear dat in frou dy útsprekt. Takom jier wurdt wer in frou frege, koe Brok al sizze.
De Rede fan Fryslân is tongersdei 8 oktober fan 15.30 oere live te folgjen op telefyzje en online op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Om 20.15 en 23.15 wurdt de Rede werhelle.
Arno Brok oer de Rede fan Fryslân