Bewenners Zuidergrachtswal daagje gemeente Harns út

08 okt 2020 - 10:35

Bewenners fan de Zuidergrachtswal yn Harns hawwe in foarstel yntsjinne by de gemeente foar de ynrjochting fan it noardlik part fan it takomstige Balklandpark. Se meitsje dêrby gebrûk fan harren 'Right to Challenge', dat se ynsette kinne as se tinke dat se in better alternatyf hawwe foar de plannen fan de gemeente.

It gemeentehûs fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gemeente wol mei it Balklandpark in stedspark realisearje mei romte foar sport, spul en rekreaasje. De klam moat der lizze op natuer, rêst, bewustwêzen en edukaasje. "We geven invulling aan biodiversiteit met een onder andere een voedselbos, tiny forest, vogelparadijs, insectenvilla's en houtwallen", seit inisjatyfnimster Lilian Fopma.

Wurkgroep

De bewenners fan de Zuidergrachtswal hawwe har feriene yn de Werkgroep Balklandpark Noord. Yn maart dit jier begûnen se in hantekenaksje om it draachflak foar harren inisjatyf te testen. Yn koarte tiid hellen se mear as 250 hantekens op.

No't dúdlik is dat der draachflak is foar it inisjatyf, is de wurkgroep yn petear gien mei de gemeente. Wethâlder Erik de Groot: "Het Balklandpark is onderdeel van de gebiedsontwikkeling Westerzeedijk. Gebiedsontwikkeling doe je niet alleen als gemeente, maar samen met de inwoners. Om die reden staan wij altijd open voor initiatieven uit de samenleving."

De wurkgroep hat yntusken in plan fan oanpak yntsjinne. Wethâlder Paul Schoute: "We hebben dit plan van aanpak in het college besproken en we zijn hier blij mee, waardoor we er ook van harte mee instemmen om de benodigde vervolgstappen te zetten. Belangrijk onderdeel hierbij is het vormgeven van participatie. Waar nodig zal de gemeente de werkgroep hierbij ondersteunen."

Gearwurking

It einresultaat is dat de wurkgroep en de gemeente ta in gearwurking kaam binne. De gemeente sil it noardlik part fan it park kasko opleverje en de wurkgroep stelt it ûntwerp op, bystien troch saakkundigen. Yn in letter stadium wurde ek de mooglikheden foar útfiering en ûnderhâld ûndersocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)