Nij fabryk om 4.000 hûzen te bouwen: "Bijdragen aan oplossing wooncrisis"

In nij fabryk op It Hearrenfean moat meihelpe om in ein te meitsjen oan it grutte hûzetekoart yn Nederlân. Boubedriuw Van Wijnen wol yn it fabryk alle jierren 4.000 prefabrisearre wenningen meitsje mei behelp fan robots. Dêr wurkje dan twahûndert minsken oan mei. De bou fan it fabryk kostet sa'n 50 miljoen euro.
Nij fabryk om 4.000 hûzen te bouwen: "Bijdragen aan oplossing wooncrisis"
De wenningen, dy't makke wurde troch minsken én robots, kinne neffens it bedriuw yn koarte tiid makke wurde en wurde dêrtroch ek goedkeaper as huzen dy't op tradisjonele wize boud wurde. Se moatte ek folslein sirkulêr wêze. It Hearrenfean is in moaie lokaasje foar Van Wijnen, seit CEO Peter Hutten. "Ons concept 'Fijn wonen' is ook in Heerenveen geboren. Verder liggen we hier aan het water, dat is een belangrijk punt. En hier was grond naast onze fabriek te koop. Het is een machtige plek om uit te breiden."
© Alynia Architecten
Nederlân hat noch altyd in wenningtekoart fan sa'n 300.000 hûzen. It tal opdrachten dat op de planke leit is lang net genôch om dy achterstân fuort te wurkjen. Oant 2030 soene er alle jierren 90.000 wenningen by komme moatte. Ofrûne jier binne 71.000 nijbouwenningen oplevere.
"De paar duizend huizen die wij bouwen, zijn dan maar een druppel op de gloeiende plaat. Maar we dragen nu wel bij aan de oplossing. We geven een flinke zet en we hopen dat er meer mensen meedoen, want de opgave is enorm." Yn it nij fabryk wurde benammen wenningen makke foar de sosjale hiersektor en betelbere starterswenningen.
Van Wijnen is mei ferskate gemeenten yn it Noarden yn petear oer de nije wize fan bouwen en hoe't dêroan mei de provinsje Fryslân ynfolling oan jûn wurde kin.
Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean is bliid mei it nijs dat it fabryk yn syn gemeente komt. "Dat Van Wijnen kiest voor een nieuwe fabriek in Heerenveen is geweldig nieuws. Zeker voor Heerenveen, maar ook voor de regio breed. Daarbij denk ik vooral aan werkgelegenheid en de korte lijnen die er van oudsher al liggen met dit bedrijf."

Wenkrisis is enoarm

It fabryk komt yn in tiid fan ekonomyske krisis, feroarsake troch it coronafirus. "Maar dat zien we als voorbijgaande aard", seit Hutten. "Hoe hard die crisis ook is. Ook de wooncrisis is enorm."
Op De Gordyk, dêr't Van Wijnen ek hûzen bout yn in fabryk, hoege se net benaud te wêzen dat dit nij fabryk ferfelende gefolgen hat. "Gorredijk speelt ook nog echt een rol in onze toekomstplannen, ze hoeven daar niet ongerust te zijn. Net als Heerenveen blijft Gorredijk een belangrijke plek voor ons."
CEO Peter Hutten fan Van Wijnen oer de kar foar It Hearrenfean
Harkje nei de reaksje fan wethâlder Jaap van Veen