Kollum: "Kleur"

08 okt 2020 - 08:20

"Fan 'e wike gie ik nei de film 'David Copperfield', in ferfilming fan in boek fan Charles Dickens út 1850. It is in libbensferhaal fan David Copperfield en it boek is tsjok, sa'n tûzen pagina's. Dat is spitich genôch wat oan 'e film ôf te sjen; it hat safolle te fertellen dat it in bytsje smoart yn 'e personaazjes, en dy komme dan net hielendal ta libben foar my.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Mar dat is ek de iennige krityk dy't ik ha, as amateurkritikus, want it is in skitterjende film. Om meardere redenen, mar ien pik ik der no even út.

David Copperfield sels wurdt spile troch Dev Patel, dy't yn 2008 ek de haadrol hie yn Slumdog Millionaire. Dev is fan Yndiaaske komôf en hat in tinte hûdskleur. Der binne mear rollen spile troch minsken mei in ferskillende eftergrûn. It ferhaal spilet yn it Victoriaanske Ingelân, mei in soad oandacht foar rangen en stannen. De mem fan in freon fan David is sa'n typyske Ingelske frou fan stân, sa ien mei in altyd in parasoltsje yn 'e hân, dy't tige yrritant op elkenien delsjocht dy't net minstens fan har eigen standing is, en se wurdt spile troch in frou fan kleur. En dat is in enoarme ferromming.

De regisseur hat akteurs útsocht dy't hy it meast geskikt foar de rol fûn, 'color blind casting'. En sa komt it dat in swarte dochter in heit hat dy't in Aziatysk uterlik hat. It is in kar dy't ik noch net in soad sjoen ha yn films, en it befoel my tige goed. It is ferfrissend en docht neat ôf oan 'e belibbing. We ha al safolle films en searjes sjoen wêryn't minsken dy't in famylje spylje hielendal net op inoar lykje. In blonde mem hat dochters mei donker hier, de soan hat krullen en wipnoaske, wat syn heit hielendal net hat, ensafuorthinne.

Oft de wrâld hjir ek klear foar is, is noch in bytsje de fraach. Telefyzjeresinsint en tagelyk tv-persoanlikheid Angela de Jong makke har yn har kollum yn it Algemeen Dagblad drok oer The Passion. Witst wol, dat jezusspektakel wêryn't minsken oan in krús útbarste yn in nûmer fan Marco Borsato. The Passion wie fan de EO, mar troch in ûndúdlike rûzje is it no fan KRO-NCRV. En dy wol The Passion ynklusiver meitsje. We ha KRO-NCRV dêr noch net sa faak op betraapje kinnen, mar ik fyn it goed nijs.

Omropbaas Peter Kuipers sei yn datselde AD dat in frou Jezus wol spylje kin, of immen út de LHBT-mienskip. Kuipers wol de folle breedte fan de maatskippij sjen litte: "Het accentverschil is dat we kiezen voor een vertaling naar de samenleving waarbij de ander centraal staat. Daarbij sluiten we helemaal niemand uit." As lid fan 'e reinbôgemienskip sis ik op myn beurt: noch betanke foar alle shit, mar better let as net.

Angela de Jong har bloed feroare yn sûpe, doe't se deroer te praten kaam yn de AD Media Podcast. Want ja, Angela koe noch wol in ôfsetkanaal brûke, dus wêrom net in podcast. Se seit: "Je gaat er nu een circus van maken", en: "De prijsvraag is geopend: wie zou de meest gekke Jezus zijn?" En sa feroaren myn earmen yn takken. Sirkus? Sa't Fries om utens Lammert de Bruin twittere: dat is it hiele konsept fan The Passion, Angela! In ljochtjouwend krús troch in VVV-omjouwing tôgje? In cast mei elkenien dy't ek mar in bytsje sjonge kin, ûnôfhinklik fan oft se leauwe of net? Dat konsept dat eksportearre is nei Amearika en dêr útstjoerd wurdt troch FOX? Syb van der Ploeg dy't as Jezus 'Het is zo stil in mij' sjongt, is dat net in bytsje in gekke jezus? Mar sels al is it in sirkus, wêrom meie LHBT'ers dêr dan net oan mei dwaan?

Ja, ik soe it se ôfriede, want reinbôgers ha net safolle te winnen yn EO- en KRO-NCRV-rûnten, mar op himsels is de hânrikking fan baas Kuipers in moaien. We sjogge no ek ris yn it folle ljocht wat foar dôf en toar persoan Angela de Jong eins is, mei har homofobe, transfobe en rûnút efterlike fyzje op 'e telefyzjewrâld.

As ik har ien ding oanriede mei, dan is dat om nei de nije David Copperfield-film te gean. Sjoch hoe hearlik oft it is om te sjen nei de bêste akteurs foar de rol, nei in film mei safolle kleur en fantasy, en in film dy't wier besiket om ynklusyf te wêzen. En it is in hearlike film. It hat de rike taal fan Dickens, ekstravagante en bliid meitsjende dekôrs en is boppedat tige grappich. En dêr kin Angela de Jong noch wat fan leare."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)