Liveblog | 8 oktober 2020

Coronanijs fan 8 oktober: Tal coronabesmettings rint fierder op: 133 nije positive tests

Folgje yn dit liveblog it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 8 oktober 2020, 22:25
22:23

Ein van dit liveblog

Oant safier dit coronaliveblog fan tongersdei 8 oktober. Freed is der op ús webside en yn ús app in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus.
20:58

Kabinet wol mooglik keapjûnen skrasse

It kabinet tinkt nei oer strangere maatregels as it tal coranbesmettingen noch fierder tanimt of net gau genôch sakket. Dat sizze boarnen yn Den Haag en de NOS makket der melding fan. De sifers fan takom wike en benammen snein binne bepalend.
20:32

Gjin jild werom foar betelle coronaboete

Minsken dy't in coronaboete fan 390 betelle hawwe, kinne dat jild of in part dêrfan net weromkrije. Dat seit justysjeminister Grapperhaus yn it debat mei de Twadde Keamer.. Hy seit dat it net oan him is om yn te gripen op in straf dy't troch it Iepenbier Ministearje of de rjochter oplein is.
It debat giet oer de 'coronaspoedwet'. De Keamer wol dat de boete foar it skeinen fan coronaregels ferlege wurdt fan 390 nei 95 euro. Dat komt yn de wet. Fieders wurdt dêryn ek opnaam dat coronaboete net liedt ta in strafblêd.
18:11

Reedrydploech fanwege corona fan Inzell nei It Hearrenfean

Team Jumbo-Visma hat as earste ploech besletten út it trainingskamp yn Inzell wei te gean, meldt schaatsen.nl op Twitter. Der binne trije positive coronatests by oare teams. Dêrom giet de ploech fierder mei trainen op It Hearrenfean. De besmette rider Kjeld Nuis bliuwt achter yn Inzell.
17:53

Kening Willem-Alexander docht oprop foar stipe oan keunstners

Kening Willim-Alexander hat tongersdei syn stipe útsprutsen foar keunstners. Dat die er op de oerlanging fan de Keninklike Skilderspriis. Gean nei musea, galerys en iepen studio's ta, mar hâld wol oardel meter ôfstân, sa sei de kening.
16:01

De Jonge: Minder besmettingen, oars oanfolgjende maatregels

As it tal besmettingen net leger wurdt, moat it kabinet oanfoljende maatregels nimme. Dat seit minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens. Hy is ferantwurdlik foar de oanpak fan it coronafirus. Tongersdei waarden yn hiel Nederlân 5800 nije coronagefallen meld.
It kabinet bepraat oare wike tiisdei it advys fan it Outbreak Management Team.