Soargen, mar ek stipe foar kolleezje yn coronadebat Ljouwert

08 okt 2020 - 06:16

Ferskate partijen yn de Ljouwerter gemeenteried ha stipe, mar ek soargen útsprutsen oer it coronabelied fan it kolleezje. Dat barde yn it earste saneamde coronadebat. Der wiene in soad fragen oer de rol fan Sybrand Buma as boargemaster en foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân. Benammen oer de kommende feestmoannen ha ferskate partijen soargen.

It coronadebat yn De Harmonie yn Ljouwert - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De gemeenteriedsleden mochten net debattearje mei Sybrand Buma as haad fan de Veiligheidsregio Fryslân, mar allinnich mei it kolleezje fan de gemeente Ljouwert. Just mei dy ferskate petten dy't Buma op hat, hat Lijst058 muoite. "In deze tijden moet onze burgemeester vooral een burgervader zijn en er voor zijn inwoners zijn. Wij zijn wel blij dat we dat steeds meer zien", sei Otto van der Galiën.

Undúdlik

Neffens PAL/GrienLinks binne in soad regels foar de ynwenners fan Ljouwert ûndúdlik. "Als ik bij het gemeentekantoor naar binnen wil, moet ik eerst een mondkapje dragen, daarna mag ik hem af doen, maar vervolgens moet ik hem daarna weer op doen wanneer ik bij de servicebalie een vraag wil stellen", sei riedslid Femke Molenaar.

Se meitsje harren benammen soargen oer de iepenbiere romte dy't op plakken te lyts is om oardel meter ôfstân te bewarjen, lykas yn de Doelesteech.

Ald en nij

De VVD makket him soargen oer âld en nij. Fraksjefoarsitter Marcel Visser woe graach dúdlikens ha oer hoe't it feest derút komt te sjen. Dêr koe boargemaster Buma noch net in soad oer sizze. "Zoals het er nu voor staat, mogen er maximaal drie mensen per huishouden op visite komen en geldt nog steeds de maximaal 30 personen op andere plekken."

Neffens fraksjefoarsitter Eline de Koning fan de PvdA is der mear omtinken nedich foar kwetsbere minsken yn de mienskip dy't lêst hawwe fan de coronakrisis. Sa soenen minsken dy't WMO-ferfier brûke mei in soad minsken yn ien buske sitte. Neffens de fraksje ha in soad studinten lêst fan de coronapandemy.

Rol fan Buma

Sybrand Buma gie as boargemaster wiidweidich yn op de krityske fragen fan de ried. "U kunt mij ter verantwoording roepen als burgemeester", spruts Buma. "Maar wanneer er een crisis is, moet er een mogelijkheid zijn om snel te kunnen ingrijpen. Als de crisis toeneemt, komt het kabinet bij elkaar, dan bekijkt men de situatie, daaruit komt een voorstel, een aanwijzing voor een noodverordening van de veiligheidsregio. De burgemeesters die de Veiligheidsregio Fryslân vormen kunnen wel weer worden gecontroleerd door de gemeenteraad."

In reportaazje oer it coronadebat yn Ljouwert

"Wy ha grutte wurdearring foar de boargemaster", sei fraksjefoarsitter fan de FNP Jan Willem Tuinenga. "Wa binne wy as ried om mei fragen te kommen wylst we in pandemy oplosse moatte? De hiele situaasje is al slim genôch en wy as gemeenteried kinne gjin ynfloed útoefenje. Je moatte hjir gjin politike lading oan jaan wolle", sei Tuinenga.

Fraksjefoarsitter Sytze Brouwer fan it CDA fynt dat it foar de gemeenteried gjin doel hat om it kolleezje om ferantwurding te freegjen foar it krisisbelied yn de coronapandemy. "Je gaat ook niet de brandweer corrigeren wanneer zij een brand blussen. "

"Hiaat in ons systeem"

Ek Gemeentebelangen Leeuwarden hie goede wurden oer foar it hanneljen fan it kolleezje. "Ga er maar aan staan, je doet het nooit goed", spruts Gijs Jacobse.

Dochs fynt ek syn fraksje it nuver dat in feilichheidsregio net te kontrolearjen falt. "Als raad hebben wij geen invloed op de besluiten die de veiligheidsregio neemt. Dat is een hiaat in ons systeem."

(Advertinsje)
(Advertinsje)