Brânwacht rêdt persoan by wenningbrân op It Hearrenfean

08 okt 2020 - 05:19

De brânwacht hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in persoan rêden by in wenningbrân oan de Roede op It Hearrenfean.

Foto: De Vries Media

By de melding fan de brân wie direkt dúdlik dat der noch in bewenner yn it gebou wie. De brânwacht gong dêrom by oankomst direkt nei binnen ta. De bewenner stie yn in romte dêr't noch net in soad reek wie. De brânwacht hat de man rêde kinnen mei in ljedder. De man is kontrolearre troch personiel fan de ambulânse en meinaam nei it sikehûs.

De brân wie dêrnei frij rap ûnder kontrôle, mar der wie wol in soad skea. De omlizzende hûzen binne ûntromme.

Trefwurden: 
It Hearrenfean brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)