De Haule krijt syn liedklok werom: skea fan houtrot wer opknapt

07 okt 2020 - 21:54

Nei't er goed trijekwart jier bûten gebrûk west hat, komt tongersdei de liedklok fan de doarpstsjerke fan De Haule werom. Yn 2019 konstatearre de Monumintewacht dat de hingkonstruksje slim troch houtrot oantaast wie.

De doarpstsjerke fan Haule - Foto: Google Street View

It kolleezje fan tsjerkerintmasters fan PKN gemeente Donkerbroek-Haule hat doe besletten de konstruksje opknappe te litten. Dat wurk hat mei-inoar goed 20.000 euro koste. In fjirde part is troch gemeente Eaststellingwerf betelle om't de tsjerke in gemeentlik monumint is.

De 300 kilo swiere klok wurdt benammen brûkt by begraffenissen.

Trefwurden: 
tsjerke De Haule liedklok
(Advertinsje)
(Advertinsje)