Fryske reedriders kinne it iis net op: iishal Inzell sletten fanwegen besmettingen

07 okt 2020 - 21:02

De iishal yn Inzell, de Max Aicher Arena, is foarearst sletten fanwegen twa coronabesmettingen by Dútske reedriders. Dat meldt it Dútske reedrydbûn. Yn Inzell binne op dit stuit ek in soad Fryske reedriders, wêrûnder Sven Kramer, Antoinette de Jong, Ireen Wüst, Femke Kok en Michelle de Jong.

De Max Aicher Arena yn Inzell - Foto: Martin de Jong

De boargemaster fan Inzell, Hans Eger, hat om de oare sporters te beskermjen it beslút nommen om de iisbaan foarearst te sluten. Alle Dútske riders moatte yn karantêne oant se in negative test oerlangje kinne. Ofhinklik fan de testresultaten wurdt besletten oft en wannear't de hal wer iepengiet.

Team Jumbo Visma, Reggeborgh en Team IKO binne op dit stuit op trainingskamp yn Inzell. Oft de ploegen fanwegen de sluting fan de hal no weromkeare nei Nederlân is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)