Ferkiezing: de meast duorsume Fryske wente fan 2020 stiet yn Toppenhuzen

07 okt 2020 - 20:18

Provinsje Fryslân hat de winner fan de ferkiezing fan it meast duorsume hûs fan Fryslân bekend makke. De titel giet nei in frijsteande wente yn Toppenhuzen. De eigeners hawwe in sjek krigen fan 500 euro. It giet om de publykspriis yn de ferkiezing fan de Nationale Duurzame Huizen Route.

Foto: Provincie Fryslân

Der hawwe mear as 500 minsken op it hûs stimd. De wente is yn 2009 boud en it wie in ûntwerp fan de eigener sels. Nei twa jier bouwe koe der yn wenne wurde.

Der lizze ûnder oaren sinnepanielen op it dak, der binne twa waarmtepompen, in waarmtebuffer ûnder de garaazje en in sinneboiler fan 300 liter. Fierder is der in soad twaddehânsk boumateriaal brûkt, bygelyks de dakpannen en de gevelstiennen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)