FIDEO: IepenUP Live, in jûn mei Arno Brok

07 okt 2020 - 20:15

Wat binne kommissaris fan de Kening Arno Brok syn takomstplannen foar Fryslân? En wat hat Eva Rovers, auteur en foarstanner fan boargerlike partisipaasje yn de polityk, him te fertellen?

Arno Brok is al 4 jier, 1 moanne en 6 dagen kommissaris fan de Kening yn Fryslân, mar fan weromsjen is gjin sprake. Brok hat in fyzje oer it Fryslân fan de takomst, oer hoe't boargers mear ynspraak hawwe moatte en de ferskate oerheden yn ús provinsje better gearwurkje kinne. Mar wat betsjut dat eins, hoe sjocht dat der yn de praktyk út, en wêrom soe it no wol slagje? Politisy en bestjoerders besykje ommers al jierren de kleau nei de boarger lytser te meitsjen, faak sûnder in protte sukses.

Ek auteur Eva Rovers wie te gast, skriuwster fan biografyen oer Helene Kröller-Müller en Boudewijn Büch. Sy skriuwt de lêste tiid foaral oer wizen foar de gewoane minske om maatskiplike feroaringen foarelkoar te krijen, mei in grutte rol foar boargerberieden. Wat hie sy de kommissaris te fertellen?

Fansels wie der ek lykas altyd, poëzy en muzyk!

IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd út De Westertsjerke yn Ljouwert wei. Fanwege de coronamaatregels is der gjin romte foar publyk. De útstjoering is fan 20.30 oere ôf te folgjen op in livestream op de Facebooksiden fan LF2028 en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)