Opnij corona op Ljouwerter Lyseum: komplete boppebou sit thús

07 okt 2020 - 20:10

De learlingen fan klasse 4, 5 en 6 fan it Ljouwerter Lyseum meie tongersdei en freed net op skoalle komme fanwegen in coronabesmetting. Dat hat de skoalle yn in e-mail oan de âlders witte litten. It is al de tredde kear dat learlingen fan it Lyseum thúsbliuwe moatte fanwegen it coronafirus. Earder gie it om hiel vwo-5 en hiel havo-5.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De besmetting dy't no fêststeld is, folget op in eardere besmetting. "Hoewel het risico op een verdere uitbraak volgens de GGD niet groter is dan op andere scholen en de GGD er van uit gaat dat de bron niet op het Lyceum ligt, is er met het oog op onrust onder leerlingen en ouders besloten om deze maatregel te nemen", skriuwt de skoalle yn de e-mail nei de âlders.

Meardere oarsaken

De skoalle skriuwt dat der trije redenen binne om dit drastyske beslút te nimmen. Woansdei wie der in aktiviteit op de skoalle foar havo-4 en vwo-5 en dêrby wie der mear 'leerlingbeweging' as de skoalle foarsjen hie. In grut part fan de learlingen hie dêrby gjin mûlkapke foar.

Dêrneist is by boarne- en kontaktûndersyk fêststeld dat de posityf teste learling kontakt hân hat mei meardere learlingen út ferskate learjierren.

De Ynternasjonale Skeakelklasse op it Lyseum is op it stuit ek sletten fanwegen in coronabesmetting by in dosint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)