Seizoen fan iishockeyers UNIS Flyers stiet faai troch coronafirus

07 okt 2020 - 19:44

It is net dúdlik oft de iishockeyers fan It Hearrenfean dit seizoen in kompetysje spylje. Troch it coronafirus is de BeNe-League dit seizoen skrast en no is ek it foarstel om mei de UNIS Flyers yn in nije Nederlânske kompetysje mei oare earstedifyzjeteams út te kommen fan tafel fage. Flyers-foarsitter Henk Hoekstra sjocht mei de oare fjouwer Nederlânske BeNe-League teams nei oare mooglikheden.

Oan him de fraach oft der dit seizoen noch wol spile wurde sil:

Seizoen iishockeyers stiet faai

De BeNe-League bestiet út teams fan België en Nederlân. Nijmegen, Den Haag, Zoetermeer, Geleen en It Hearrenfean wiene fan doel op 1 desimber útein te setten mei de kompetysje. Om't der fanwegen it coronafirus gjin of hast gjin publyk by de wedstriden wêze mei en der dus folle minder ynkomsten binne, hawwe de klups besletten harren werom te lûken út de kompetysje.

In nivo leger sil nei alle gedachten de earstedifyzje iishockey wol in kompetysje spylje. Oer de fiif earedifyzjeteams folget noch oerlis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)