Omrop TIP: De takomst fan de Fryske lânbou yn de Rede fan Fryslân

Hoe giet it eins écht mei ús Fryske lânbou, en hoe sjocht de takomst der út? Tongersdei sil de Rede fan Fryslân hâlden wurde troch minister Carola Schouten fan Lânbou. Op útnûging fan kommissaris fan de Kening Arno Brok, hâldt Minister Carola Schouten Fryslân de spegel foar mei each op de takomst. De Rede fan Fryslân hat dit jier in digitaal karakter, de hiele taspraak is live te folgjen fia Omrop Fryslân op telefyzje en online fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.
Minister Carola Schouten © ANP
Njonken Schouten binne der mear sprekkers. Sa sille foarsitter Hendrik Galema fan de Agrarische Jongeren Friesland (SJF) en foarsitter Trienke Elshof fan LTO Noord in kollum foardrage. Fierder binne der optredens fan Nynke Dijkstra op de klarinet en pianiste Welmoed Poelstra.
Minister Schouten sil de Rede fia in live byldferbining tusken Den Haag en Ljouwert útsprekke. Yn it Westcord WTC Hotel yn Ljouwert fynt in coronaproof gearkomste plak mei in beheind tal gasten. De gearkomste is net tagonklik foar publyk.
De Rede fan Fryslân is útgroeid ta in jierlikse tradysje. In prominint persoan fan bûten de provinsje hâldt Fryslân in spegel foar mei it each op de takomst. De tsiende edysje fan dit jier stiet yn it teken fan de Fryske lânbou. Eardere sprekkers wienen ûnder oaren Gerrit Hiemstra, Pieter Winsemius en Gerdi Verbeet.
De Rede fan Fryslân is tongersdei 8 oktober fan 15.30 oere live te folgjen op telefyzje en online fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Om 20.15 en 23.15 wurdt de Rede werhelle.