Fersprieding fan de Spaanske gryp yn kaart brocht: dit wie Fryslân doe

Midden yn de coronakrisis is der in ûndersyk publisearre oer de fersprieding fan in oar firus. Ien út it ferline: de Spaanske gryp fan 1918-1919. Ek doe wiene der ferskate grypweagen en wie it yn ferskate gebieten slimmer. Yn Fryslân wiene Achtkarspelen, Frjentsjer, Hinnaarderadiel en Amelân it meast troffen.
De fersprieding fan de Spaanske gryp yn 1918-1919 © Clariah Data Stories, OpenStreetMap
It ûndersyk is fan Clariah, in nasjonaal projekt dat data út ferskate wittenskiplike dissiplinen oan inoar keppelet. Dêr wurkje tsientallen partners oan mei, ek de Fryske Akademy. Om de fersprieding yn kaart te bringen binne trije gegevens brûkt: de leeftiid en it berop fan de ferstoarne plus it plak fan ferstjerren.

Yn Fryslân foel it ta

De Spaanske gryp feroarsake de measte deaden yn novimber 1918. Mar ek tusken jannewaris en maart 1919 binne der in soad minsken ferstoarn yn ferliking mei 'gewoane' jierren. Ek wiene der doedestiids ferskate brânkearnen: bygelyks Grinslân, Drinte en Limburch, en lytsere klusters yn Noard-Brabân en Noard-Hollân.
Yn Fryslân foel it yn ferliking noch ta. It docht bliken dat yn ferhâlding de measte Friezen oan de Spaanske gryp ferstoaren yn de doetiidske gemeenten Achtkarspelen, Frjentsjer, Hinnaarderadiel (haadplak Wommels) en Amelân.

Mear stjerte by 20'ers en binnenwurk

In ferrassing wie dat der yn novimber 1918 ekstreem folle jongfolwoeksenen ferstoaren. By de folgjende weach yn jannewaris-maart 1919 wiene dat just mear âldere minsken.
Ek is der sjoen nei it wurk dat minsken tusken de 18 en de 45 jier diene. Under beropsgroepen as ferpleechsters, mynwurkers en wevers kamen relatyf sjoen mear minsken om it libben. De ûndersikers tinke dat dit kaam om't sy meastentiids mei mear minsken yn ôfsletten romten wurken. Bûtenwurkers kamen der better foar wei.
Foar dit ûndersyk binne Nederlânske ferstjerakten tusken 1910 en 1920 brûkt. De stjertesifers fan de omlizzende jierren binne ferlike mei de sifers fan de grypjierren. Yn de takomst hoopje de ûndersykers ek famyljerelaasjes ta te heakjen oan it ûndersyk, sa't bygelyks ek de rol fan húshâldingen en genen meinaam wurde kin.
In berjocht yn 'Nieuwsblad van Friesland' fan 30 july 1918 © Delpher