Coronatestbedriuw ferhuzet fan Abe Lenstra-skybox nei Ljouwert

It medysk coronatest-laboratoarium U-Diagnostics iepent tiisdei 13 oktober in drive-thru op bedriuwspark De Hemrik yn Ljouwert. It giet om in partikulier testbedriuw, dat analyzen útfiert foar de oerheid en húsdokters. U-diagnostics, ek wol HetHuisartsLab, siet earst yn de skybox fan it Abe Lenstra Stadion, mar dat wie net feilich genôch foar meiwurkers.
Testlokaasje Abe Lenstra Stadion © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
"De verhuizing is nodig om de veiligheid van onze medewerkers te kunnen waarborgen", fertelt regiokoördinator fan U-Diagnostics, Dirk Koppen. "In de skybox zaten we binnen en waren mensen ongerust over de testlocatie".

Fuotbalstadion net handich

Der moast dus plak fûn wurde op in oare lokaasje dêr't feilich test wurde kin. Want de ekstra testkapasiteit is bot nedich, seit Koppen: "We springen op dit moment bij om de testcapaciteit te vergroten in Nederland. En dan zoek je ook naar een weg waar je je medewerkers kunt beschermen. Een dichte ruimte is dan niet handig en zeker niet in een stadion waar ook veel andere mensen komen. Dan besmet je elkaar en dan ga je juist het tegenovergestelde doen van wat je wilt bereiken."
De oplossing foar in feilige lokaasje is neffens de regiokoördinator dan ek: bûten. "Onze medewerkers zijn cruciaal, de veiligste manier om te testen is toch wel een drive-thru."
It bedriuw ferwachtet in soad drokte yn Ljouwert. Op it stuit sit U-Diagnostics net yn Fryslân en moatte de ynwenners fan de provinsje útwike nei Meppel. "Er is nog altijd een groot tekort aan testcapaciteit dus alle middelen zijn welkom. Minister De Jonge heeft ons benaderd om bij te springen."

Bedriuwen

Ek is der in soad fraach by bedriuwen wei foar de tests. "We zijn al benaderd door Friese bedrijven dat werknemers thuis zitten omdat er een tekort is aan testcapaciteit. We weten 'iedereen doet zijn stinkende best'. De mensen van de GGD staan dag en nacht voor iedereen klaar, maar ik denk dat alle middelen op dit moment helpen.
De drive-thru op it parkearterrein oan de Pallasweg 14 set tiisdeitemoarn útein. Minsken kinne harren hjir oanmelde foar in test.
Regiokoördinator U-Diagnostics Dirk Koppen