Kontaktferbod en sel foar man dy't syn eks kear op kear stalket

07 okt 2020 - 16:27

In 40-jierrige ynwenner fan Eelde is feroardiele ta trije moannen sel en ek nochris trije moannen ûnder betingst foar it stalkjen fan syn eks-freondinne dy't yn Fryslân wenne. Hy krijt ek in kontaktferbod dat fuortendaliks yngiet.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man wie net op de sitting. Hy stiet ynternasjonaal sinjalearre, mar Justysje koe him net trasearje.

De stalker socht allerhanne manieren om syn eks te benaderjen, fia mails en social media. Ek socht er kontakt mei freonen, famylje en de wurkjouwer fan de frou. Hy liet fernimme dat er har achterfolge en melde watfoar klean oft se oan hie. Hy soe har sels troch in privee-detective folgje litten hawwe. Se fûn twa kear in gps-tracker ûnder har auto.

De frou is ferhuze, mar krijt noch altyd berjochten fan har eks. Sels in útstjoering fan it SBS6-programma 'Gestalkt' koe him der net fan wjerhâlde hieltyd mar wer kontakt te sykjen.

Trefwurden: 
rjochtbank stalkjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)