Grutte plannen mei 'Schatzenburg' Menaam: trije kear sa grut

07 okt 2020 - 15:55

De eardere camping en bungalowpark Schatzenburg by Menaam wurdt de kommende jierren flink útwreide en opknapt. De eigeners hawwe 16 bunder grûn achter it besteande park oankocht. Fierder hawwe sy de grutte lûdswâl by de A31 kocht. Dêrby giet it om nochris 6 bunder. Dêrmei wurdt it park trije kear sa grut as no.

In foarbyld fan in woodlodge - Foto: Shutterstock

It park hjit no al Waadhoeke-resort, mar dat wurdt aanst Waadhoekerhout. Op it terrein komt plak foar woodlodges, blokhutten, sjalets en safarytinten. Dêrmei moat it park in folle lúksere útstrieling krije as no.

De eigeners sprekke fan in oaze foar rêstsikers en rekreanten. De lêste fjouwer jier is al in protte tiid en jild ynvestearre om it park nei in heger nivo te tillen. Ek is de relaasje mei de ferskate oerheden hersteld.

Yn de perioade fan de eardere eigners stiene dy ûnder druk, ûnder oare nei in langrinnend konflikt oer de oanlis fan de lûdswâl by de A31. Ek wurdt besocht om de bân mei de besteande eigeners en hierders op it eardere Schatzenburg te ferbetterjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)