Bewenner Grou set enkête oer ferdwinen Swarte Pyt online: "80% is tegen"

07 okt 2020 - 15:52

Op in enkête oer it ferdwinen fan Swarte Pyt by de yntocht fan Sint Piter yn Grou binne yn twa dagen tiid 400 reaksjes kaam, foar 80 persint negatyf. De enkête is opsteld troch ynwenner Jeroen Korthuis. Hy dielde in berjocht fan De Grouster op Facebook en fernaam doe nei eigen sizzen dat in soad Grousters it net iens binne mei it beslút.

De oankomst fan Sint Piter yn Grou - Foto: Omrop Fryslân

It foarnimmen om Swarte Pyt ôf te skaffen kaam earder dizze wike yn it nijs. It komitee dat de yntocht fan Sint Piter organisearret fynt dat Swarte Pyt net mear fan dizze tiid is.

It komitee seit ek dat Grouster ynstellingen en skoallen nei harren miening frege is, mar Korthuis betwivelet oft dat in goed byld jout. Hy seit dat syn eigen enkête in oar byld jout en fynt dat komitee mar better sels ek in enkête dwaan kin. Hoe't it komitee krekt fierder wol mei Swarte Pyt is noch net bekend. Dat wurdt pas oer twa wiken dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)