Raad van State jout grien ljocht foar ferhuzing supermerk yn Easterwâlde
De gemeente Eaststellingwerf hat gjin flaters makke yn de kwestje fan de ferhuzing fan supermerk Lidl nei it sintrum, nei de Dertien Aprilstraat. Dat stelt de Raad van State. De supermerk lûkt mear minsken nei it winkelsintrum.
Alle beswieren fan in fêstgoedûntwikkeler binne troch de heechste bestjoersrjochter fan tafel fage. Neffens him soenen der tefolle supermerken yn it plak komme.
It bestimmingsplan makket ek de bou fan 44 soarchapparteminten en alve wenapparteminten mooglik.
De Raad fynt dat troch it ferpleatsen fan de winkel en de wenningbou it winkelsintrum kwalitatyf fersterke wurdt. In tanimmende winkelleechstân wurdt keard en de leefberens wurdt fergrutte.