Joris Kramer kiest foar Cambuur nei in jier op 'e bank: "Dat vreet aan me"

07 okt 2020 - 15:14

Joris Kramer stie woansdei foar it earst op it trainingsfjild by SC Cambuur. De ferdigener wurdt foar in jier hierd fan AZ en mocht it befalle, dan kinne de Ljouwerters him nei dat jier oernimme. De kar foar Cambuur is foar Kramer benammen in kar foar mear wedstriidminuten.

SC Cambuur hiert Joris Kramer fan AZ en hat opsje te keap

By AZ siet Kramer eins allinne mar op de bank. Yn it ferline spile de 24-jierrige ferdigener ek noch wol by de beloften fan AZ, mar it ôfrûne seizoen net. Sterker noch: hy spile mear as in jier lyn foar it lêst yn in offisjele wedstriid. "Ik heb een jaar lang vooral op de bank gezeten en dat vreet aan je. Cambuur volgde me al een paar jaar en ze kwamen weer. Nu dacht ik: dit is een goed moment."

Priizjende wurden

De linkspoat beskikt neffens trainer Henk de Jong en Foeke Booy ek oer fuotbaljende kwaliteiten. Neffens Kramer komt dat troch de oplieding fan AZ. Dêryn spile er ek mei ûnder oaren Mees Hoedemakers en Jamie Jacobs. "Ik heb Jamie Jacobs bericht en ik heb altijd al contact gehad met Michael Breij en Mees Hoedemakers. Ze hadden alleen maar lovende woorden over de club en de supporters. De staf is ook heel sympathiek."

Foto: Orange Pictures

Kramer koe op syn earste training fuortendaalks oan de bak. De basisspilers fan de wedstriid tsjin Helmond Sport trainden woansdei rêstich oan, mar de wikselspilers wurken in fanatike training ôf, seach Kramer: "Het kunstgras is wel even wennen. Mijn kuiten voelde ik wel gelijk. Maar ik ben heel erg warm ontvangen vandaag in de groep. Het zijn leuke gasten en je ziet dat ze ook echt plezier hebben en ik heb ook echt zin om daar onderdeel van te zijn."

Snein soe Kramer syn debút meitsje kinne foar SC Cambuur. Dan spilet de ploech fan De Jong in thúswedstriid tsjin FC Dordrecht.

Joris Kramer

(Advertinsje)
(Advertinsje)