Koegelwieck foarearst út de feart; motoaren wurde goed neisjoen

Om de oanhâldende problemen mei de rappe fearboat Koegelwieck fan rederij Doeksen te ferhelpen is de stjoerboardmotor út it skip helle en nei in ynternasjonale ekspert brocht. Dêr wurdt sjoen nei wat de skea feroarsaket en de motor wurdt wer opnij opboud. De sneltsjinst Koegelwieck faart gewoanwei tusken Harns, Skylge en Flylân.
Sneltsjinst de Koegelwieck © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Dy motor wurdt wiidweidich test. Ek de bakboardmotor wurdt neisjoen. De Koegelwieck wurdt oant en mei 3 desimber net ynset.
De útfal fan de rappe boat hat gjin neidielige gefolgen foar de tsjinstregeling, Doeksen set ekstra ôffearten fan ms Tiger yn. Passazjiers dy't al boekt hienen, wurde omboekt.