Hurdfytser Pieter Weening stapt út de Giro

07 okt 2020 - 13:34

De Giro d'Italia sit der foar Pieter Weening op. De Harkyt kaam tiisdei yn de fjirde etappe swier te fallen. Hy is woansdeitemiddei wol wer op de fyts stapt, mar waard dûzelich. Doe hat syn ploech Trek-Segafredo him út de koers helle.

Foto: ANP

Weening die mei oan de Giro om syn kopman Vincenzo Nibali oan syn tredde einoerwining te helpen.

Nibali wie ek yn 2013 en 2016 al de sterkste. Weening komt út foar de ploech fan TREK. Dy hie him spesjaal foar de Giro d'Italia oanlutsen, neidat Weening syn eardere ploech Roompot ophâlden wie te bestean.

Ferslachjouwer Andries Bakker oer Pieter Weening

(Advertinsje)
(Advertinsje)