Izore hâldt fokus op de testen fan soarch, nettsjinsteande ekstra kapasiteit

Der komme lang om let mear coronatests beskikber, omdat de kapasiteit fergrutte wurdt. Dat betsjut dat de GGD mear teste kin. Fan moandei ôf sille der 1.600 minsken deis test wurde op de trije lokaasjes yn Ljouwert, Drachten en Drylts. Ek kinne laboratoaria yn Nederlân alle dagen tenei 51.000 testen ferwurkje, dat is 20.000 mear as ferline wike. Izore yn Ljouwert is ien fan de laboratoaria dêr't al sûnt it begjin fan de coronakrisis folop tests ferwurke wurde.
Izore hâldt fokus op it testen fan soarch, nettsjinsteande ekstra kapasiteit
De lanlike útwreiding betsjut lykwols net fuortendaliks in grut ferskil foar Izore. "Wat er nu gebeurt is dat er laboratoria bij zijn gekomen, en dat andere laboratoria hun capaciteit hebben vergroot", leit arts-mickobiolooch Anne-Marie van Elsacker fan Izore út. Dizze ekstra testen sille benammen brûkt wurde foar de gewoane Nederlanner, wylst Izore de fokus leit op it testen fan de soarchmeiwurkers.

500 soarchtests

Izore wol har wurk ek net fierder útwreidzje nei oare beropsgroepen, om't it harren kearntaak is om de soarch te testen. Njonken tests op corona, wurde der nammentlik ek kweeks fan urine en oare biologyske materialen testen. "Alles moet wel door blijven gaan."
De Ljouwerter ynstelling test sa'n 500 oant 600 soarchmeiwurkers de dei. "Ik vind dat zorgelijk want we kunnen niet veel groter worden dan dat we zijn. We kunnen wel eens een piek opvangen, maar als dit eindeloos doorgaat dan wordt dat voor ons ook lastig."

Fluchtest

It resinte nijs oer de positive resultaten mei de fluchtests wurdt dan ek goed ûntfongen by Izore. "Dit zijn testen waar je eiwitten van het virus mee kunt aantonen. Deze zou je goed kunnen inzetten voor de vraag van buiten de zorg. Bijvoorbeeld voor mensen die naar een theater willen, of een voetbalwedstrijd." Foar de soarch soene der, wat Van Elsacker oanbelanget, strangere en dus stadigere tests brûkt wurde moatte.
Dit is lykwols in oare fisy as dy fan minister De Jonge. Dy sei tiisdei nammentlik dat hy de fluchtests benammen ynsette wol foar fitale beroppen, troch middel fan in fluchteststrjitte foar bygelyks ûnderwiis- as soarchpersoniel.
De coronatestlokaasje yn Drachten © Omrop Fryslân, Timo Jepkema