Noordelijk Film Festival net yn De Harmonie yn Ljouwert

It Noordelijk Film Festival fertoant dit jier gjin films yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Troch de coronamaatregels fynt de organisaasje it net ferantwurde om it festival fan 11-15 novimber op deselde wize trochgean te litten.
Noardlik Filmfestival net yn De Harmonie
Der is wol in ûntheffing foar de sealen, mar it moetsjen nei de films yn de foyer is mei maksimaal tritich minsken net de sfear dêr't de besikers no krekt graach foar komme. It filmprogramma wurdt no fertoand op oare plakken yn Drachten, op It Hearrenfean, yn Snits en Frjentsjer. Yn Ljouwert wurde de de sealen fan filmhûs Slieker brûkt en poppoadium Neushoorn en de Westertsjerke, mar dus net yn De Harmonie.
© Noordelijk Film Festival

Drive-in

It idee fan in drive-in bioskoop op it Saailân stiet ek faai. Omdat it sjoen wurdt as bûtenevenemint meie der mar 40 besikers komme. Mei twa yn ien auto soenen der mar 20 auto's stean kinne yn stee fan 90 en dan kin it neffens filmprogrammeur Fredau Buwalda net trochgean. "Los fan de sfear kin it mei 20 auto's gewoan net út. It kostet in soad jild om in drive-in del te setten."
De organisaasje krige woansdei noch in tebeksetter: de Ierske iepeningsfilm is weromlutsen. "Ik bin behoarlik teloarsteld. Je stean as team kontinu op skerp en je moatte fleksibel wêze en oplossingen sykje, We moatte sjen hoe't we dit oplosse. It is hiel spitich."

Ien seal

Yn De Koornbeurs yn Frjentsjer, De Lawei en De Bios yn Drachten, De Bios op It Hearrenfean, CineSneek yn Snits en Pathé yn Ljouwert wurde alle festivaldagen ien bioskoopseal brûkt. Yn Ljouwert binne noch wol films yn filmhûs Slieker en spesjale projekten en aktiviteiten yn De Harmonie en yn Neushoorn en de Westertsjerke. Foar thúsbliuwers is online in lytse seleksje te sjen fan films dy't earder draaiden.
Fredau Buwalda
Yn gearwurking mei Omrop Fryslân komt der in talkshow en in filmprogramma op telefyzje en de webside.