Woudagemaal op 'e Lemmer fiert 100-jierrich jubileum; bern belûke by wetterbehear

07 okt 2020 - 11:36

It Woudagemaal op De Lemmer bestiet dizze woansdei 7 oktober eksakt hûndert jier. Om nije generaasjes bewust te meitsjen fan wetterbehear is foar learlingen fan de twa heechste groepen fan it basisûnderwiis en de earste twa klassen fan it fuortset ûnderwiis in challenge betocht: se wurde útdage om it skoalplein klimaatproof te meitsjen.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Bern fan CBS De Arke fan De Lemmer ha de challenge al dien en har filmke wie woansdeitemoarn de start fan de kampanje 'volle kracht vooruit'. Skoallen meitsje by de kampanje kâns op in fergees útstapke nei it Woudagemaal. Se kinne de filmkes ynstjoere tusken 13 oktober en 30 maart takom jier.

De bern ha neitocht oer in griener skoalplein. Ien fan de ideeën is in wettertonne om reinwetter op te fangen en mear gers op it plein. De skoalle wol de bern bewust meitsje fan duorsumheid.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei bern en in juf fan De Arke

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Yldau de Boer, gemaalsjef fan it Woudagemaal "We binne der hiel grutsk op dat dit Unesco-erfgoed nei hûndert jier noch altyd yn bedriuw is."

Foar it jubileum is in tentoanstelling makke dy't minsken bewust makket om goed mei wetter om te gean, lykas rein opfange en mear grien yn de tún.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Yldau de Boer

Foto: Koninklijke Nederlandse Munt

By it jubileum is ek in spesjale munt slein: it Woudagemaal Vijfje, ûntwurpen troch keunstner Berend Strik. Op de iene kant stiet de kening mei in Fryske flagge en derûnder in fragmint fan de kanalen by it Woudagemaal. Oan de oare kant stiet it Woudagemaal út fûgelflechtperspektyf.

De munt is in wettich betelmiddel en wurdt op dizze dei foar it earst slein mei in nominale wearde fan fiif euro.

(advertinsje)
(advertinsje)